Libben moksels ûndersocht

In team ûndersikers is moandei begûn mei in seis wiken lange reis by mokselbanken op it Waad del. It giet om mokselbanken by Skiermûntseach, Skylge, It Amelân, Flylân en Teksel. Doel is om út te finen hoe wichtich oft moksels binne foar it Waad. Dêrfoar moat ûndersocht wurde wat der allegearre libbet op en by de moksels.
Ien fan de middels om dat te sjen, binne kamera's by ûndersyksfûken. Dêrmei wurde ûnder oare fisken en krabben filme. Der wurdt ek sjoen nei stikken Waad sûnder moksels om de ferskillen dúdlik te krijen.
It ûndersyk is begûn by Skiermûntseach. It is in inisjatyf fan ûnder mear de Ryksuniversiteit Grins, Natuermonuminten en Steatsboskbehear.