Groustra wint NK tiidriden

12 aug 2013 - 19:54

Hurdfytser Sygrid Groustra út Dronryp hat snein by it NK foar minder falide sporters de nasjonale titel op de tiidrit pakt. Nei omrekkenjen mei de saneamde hendikepformules waard de Dronrypster útroppen ta kampioene.

Grutte favoryt Alyda Norbruis út Oerterp koe dit jier net meidwaan. De paralympysk kampioene moat earst wer better wurde nei in operaasje oan 'e fuotten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)