Fryske Rabo drok mei oername

12 aug 2013 - 17:14

De Fryske Rabobanken hawwe dit jier in soad wurk fan de yntegraasje fan de Fryske klanten fan de Friesland Bank. Troch de oername fan dy klanten groeie de Fryske Rabobanken stevich. De Fryske Rabobanken binne dêrom dit jier noch net sa bot dwaande mei it sluten fan kantoaren en it snijen yn it tal meiwurkers. Dat seit direkteur Schuddebeurs fan Rabobank Hearrenfean-Súdeast-Fryslân.

De Rabobank wol lanlik hûnderten kantoaren slute en tûzenen banen opheffe. By de Fryske Rabobanken sil dat proses neffens Schuddebeurs in stik stadiger gean.

De Fryske Rabobanken binne neffens Schuddebeurs grut en stevich genôch om selsstannich de takomst yn te kinnen. It ôfrûne wykein waard bekend dat de lanlike Rabobank ferskate pleatslike banken te lyts fynt en ta wol op skaalfergrutting. De Rabobank Hearrenfean-Súdeast-Fryslân is it ôfrûne jier fusearre mei Rabobank De Stellingwerven en is neffens Schuddebeurs grut genôch foar in selstannige takomst. De sintrale Rabobank hat ek inkelde pleatslike banken ûnder ferskerpe tafersjoch pleatst, omdat de lanlike bank ûntefreden wêze soe oer de prestaasjes. De bank wol net sizze foar hokker banken dat ferskerpe tafersjoch jildt.

Trefwurden: 
Friesland Bank Rabobank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)