Stroomsteuring nei oere oplost

Heechspanningskabels © Omrop Fryslân
Yn Twizelerheide, De Westereen, Feanwâlden en Noardburgum hawwe 142 hûshâldens moandeitemiddei in oere sûnder stroom sitten. Om trije oere hinne kaam de melding binnen by Liander. De stroom koe omlaat wurde oer in twadde reservekabel, wêrtroch't de steuring nei in goed oere ferholpen waard.
De skea oan de kabel ûntstie by graafwurksumheden oan de Kûkhernsterwei yn De Westereen. Liander is noch dwaande mei reparaasje fan de haadkabel.