Fersleine reaksjes dea Friso

12 aug 2013 - 16:25

Yn Fryslân wurdt ferslein reagearre op it fertsjerren fan Prins Friso. Kommissaris fan de kening John Jorritsma kaam it nijs folslein oer it mad. Hy waard op syn fakânsje-adres belle troch syn wurdfierder mei it nijs. Foar Oranjehûskenner Bearn Bilker kaam Prins Friso syn dea ek tige ûnferwachts. Hy neamt it in 'tryste oangelegenheid.' Bilker typearret Prins Friso as 'de intelliginte prins, de wittenskipper fan de famylje. Hy wie sportyf en it leafst op de achtergrûn.'

Bilker tinkt net dat de begraffenis in offisjele dei fan nasjonale rou wurde sil. De begraffenis is in saak fan de famylje, om't Prins Friso gjin lid mear is fan it Keninklik Hûs troch syn houlik mei Mabel Wisse Smit.

Yn ferbân mei it ferstjerren fan Prins Friso is de flagge fan Kulturele Haadstêd moandei fan de Aldehou yn Ljouwert ôfhelle en ferfongen troch de Nederlânske flagge. De nasjonale flagge hinget healstôk.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)