Ierdskodding by It Amelân
Súdlik fan It Oerd op It Amelân hat freed in lyts ierdbevinkje west. Dy hie in krêft fan 1.8 op de Schaal fan Richter. De trilling fûn jûns plak op 3 kilometer djipte ûnder de boaiem fan de Waadsee. Net fier fan it plak hat de NAM yn de Noardsee in boarplatfoarm yn produksje.