Swinkels fuort by SC Cambuur

© Omrop Fryslân
Keeper Ruud Swinkels nimt nei twa moanne alwer ôfskie fan Sportklup Cambuur. Swinkels kaam dizze simmer oer fan PSV om earste keeper yn Ljouwert te wurden, mar hy ferlear de striid fan Leonard Nienhuis. De keeper wie bot teloarsteld en koe net libje mei in reserverol.
SC Cambuur en Swinkels ha dêrom besletten om it kontrakt op te sizzen. Harm Zeinstra, dy't as tredde keeper oan it seizoen begûn, is no earste reserve. De Ljouwerters geane noch op syk nei in nije tredde keeper.