Undersyk nei OV-kaart

12 aug 2013 - 13:37

Der komt yn it neijier in grut ûndersyk nei it gebrûk fan de OV-chipkaart. It ûndersyk is in inisjatyf fan de ferfiersbedriuwen. Sintraal stiet dat guon reizgers ferjitte om út te checken mei harren OV-chipkaart. Dêrtroch wurdt de boarch fan 4 of 20 euro ôfskreaun. Dat soe de ferfierders jiers 30 miljoen euro opsmite.

Neffens ferfierder Arriva bart it ek faak dat reizgers bewust net útchecke om't de boarch leger is as de reiskosten.

Neffens Arriva is de wurdearring foar de chipkaart de lêste jierren tanaam. Krige de kaart yn 2010 noch in 6,8. Yn 2012 wie dat in 7,5.

Trefwurden: 
OV-chipkaart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)