Auto yn greppel yn Drachten

Drachten
In auto bestjoerd troch in ynwenner fan Súdlaren is snein yn Drachten op de sydkant yn in greppel bedarre. De 80-jierrige bestjoerder woe fan de Noarderhegewei de oprit fan de Wâldwei opdraaie. Hy tocht de krusing noch wol oerstekke te kinnen, mar in 45-jierrige frou kaam fan de oare kant oanriden, en se ried hurder as de man tocht.
De Súdlaarder botste mei de auto fan de frou. Syn auto rekke yn in slip en kaam op de sydkant yn in greppel telâne. Der foelen gjin ferwûnen by it ûngelok.