Kontrôle 200 km feankaden

12 aug 2013 - 11:40
  • In meiwurker fan it wetterskip kontrolearret in feankade

Wetterskip Fryslân is op it stuit dwaande mei de kontrôle fan 200 kilometer feankaden. De meiwurkers binne op syk nei skuorren yn de wâlskanten. De kade by it Slachtegat by Terherne en de kade by de sportfjilden yn Starum krije ekstra oandacht. By de kadeskou binne hjir lytse skuorkes waarnommen.

Fan 't simmer is net folle rein fallen. De feankaden binne útdroege en dat kin gefaarlik wêze. Der kin wetter troch in skuor komme, of in swak plak yn de kade kin folslein fuortskowe. Dan komt it lân derachter ûnder wetter te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)