Drege oerwinning Van der Bos

Partoer Van der Bos wint yn Menaam © AWfoto.nl
De frije formaasje keatspartij yn Menaam is snein in proai wurden foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Yn in drege einstriid wie it trijetal mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Jan Dirk de Groot, Marten Feenstra en Pier Piersma. Daniël Iseger waard yn Menaam ta kening útroppen.
Yn de heale finale wie Van der Bos mei 5-4 en 6-6 te sterk foar Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra, dy't de lytse preemje pakten.