Liano wint ZZ licht yn Harich

11 aug 2013 - 16:54

Hynsterydster Esther Liano hat sneon mei har hynder Ebele Fan Groenestein de winst yn de dressuerklasse ZZ licht pakt. De rydster fan de Heideruters skoarde oer twa proeven it heechste oantal punten. It twadde plak wie foar Lisa Bergsma fan de Drie Gemeenten mei har hynder Padirmo. Yn de Z2 gong de winst nei Kenna Bakker mei Binck, fan de Morraruters. Judith Pietersen pakte mei Tsjalle de winst yn de Z1.

By it springen gong de winst yn de Z nei James Robert Billington. By de ZZ wie Hester Klompmaker fan Bûtenpost de bêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)