Wagenaar pakt winst yn Harns

11 aug 2013 - 16:10

De frije formaasje keatspartij yn Harns is snein wûn troch it favorite partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn in iensidige finale wiene de froulju mei 5-0 en 6-4 te sterk foar Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. De tredde priis wie foar Ilse Noorman, Martine Tiemersma en Margriet Bakker.

Yn de heale finale wûn Van der Veen c.s. mei 5-1 en 6-4 fan Noorman c.s. Yn de oare heale finale wie Wagenaar c.s. mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Nelie Steenstra, Klasine Huistra en Afke Hijlkema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)