Kollumer stappers yn plysjesel

11 aug 2013 - 14:34

In groep stappers út Kollum en Bûtenpost hat sneontenacht yn Kollum in partytinte fernield. De jonges yn de leeftyd fan 15 oant en mei 19 jier wiene krekt dêrfoar út in bar oan de Foarstrjitte set en reagearren harren ôf op de partytinte.

Doe't befeiligers it selskip tsjinhâlde woe yn ôfwachting fan de plysje, waard ien fan de portiers op 'e holle slein. De seis stappers koene allegearre oanhâlden wurde. Sy mochten de rest fan de nacht yn in plysjesel trochbringe.

Trefwurden: 
Kollum fernielings plysjesel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)