Earnstich ferwûne by Skraard

De helptsjinsten oan it wurk © Rudy Bouma/Frieslandactueel.nl
By in ûngelok yn Skraard is sneon oan it begjin fan de jûn in frou fan 46 earnstich ferwûne rekke. De frou rekke fan de dyk ôf en botste tsjin in beam. De brânwacht moast der oan te pas komme om de frou út de auto te heljen. De traumahelikopter wie útrukt. Personiel ferliende medyske help. De frou is nei it sikehûs brocht.
Dêr is bloed ôfnaam omdat der mooglik drank yn it spul is. De 12-jierrige dochter fan de frou rekke net ferwûne. De Wûnserdyk by Skraard hat troch it ûngelok in skoft lang ticht west foar it ferkear.