Koning de sterkste yn Snits

10 aug 2013 - 22:10

Peter Koning wie sneontejûn fierwei de sterkste hurdfytser yn de Snitswike ronde. De ynwenner fan Venhuizen ried lang mei âld-Frjentsjerter Jenning Huizenga oan de lieding. Doe't dy twa wer ynhelle wiene, ûntstie der in kopgroep fan tsien man. Yn de finale bleaune der sân oer. Burgumer Frank Wierstra besocht it noch yn it foarlêste rûntsje troch it sintrum fan Snits, mar slagge net. Nei solist Koning kamen Martijn Lust fan Tuitjenhorn en Lars Horring út Valthe oer de streek. Harry Sweering waard yn eigen stêd sechsde.

Taeke Oppewal waard fiifde, Frank Wierstra sânde, Jenning Huizenga achtste en Sierd Steigenga njoggende.

Trefwurden: 
Snits hurdfytsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)