FNP H'fean teloarsteld yn ried

10 aug 2013 - 14:44

De FNP fan Hearrenfean is teloarsteld yn de gemeenteried. De mearderheid fan de ried hat tsjin it foarstel fan 'e FNP stimd om ynwenners meiprate te litten oer de namme fan de nije gemeente. Dit yn ferbân mei de fúzje fan Hearrenfean en it súdlike part fan Boarnsterhim. Dy fúzje giet yn op 1 jannewaris 2014.

De FNP soe graach tagelyk mei de ferkiezings fan 13 novimber in peiling hâlde wolle oer de winske namme. No moat neffens de FNP de nije ried in beslút nimme sûnder de miening fan de ynwenners te witten.

FNP-riedslid Ate Eijer neamt it beslút fan de ried fan Hearrenfean 'in miste kâns'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)