Metalfeest Into the Grave los

10 aug 2013 - 14:20
  • Into The Grave fan in eardere edysje
  • Byld fanôf it poadium fan Into the Grave

It Into the Grave festival yn Ljouwert is sneon om healwei ienen útein set. Op dit stuit binne der al sa'n 2500 minsken by de Aldehou, dêr't it metalfestival holden wurdt. It is de tredde edysje fan it festival. De Britse metalband Paradise Lost is de grutste publykslûker.

Dizze Ingelske band is ek de slotact fan it festival mei in optreden dat fan 21.45 oant 23.00 oere duorje sil. Op it festival wurdt ek in metalbibel útdield. De organisaasje fan it festival ferwachtet op sa'n 4000 oant 4500 leafhawwers út te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)