Oanriding mei maresjeseebus

10 aug 2013 - 14:16

By in oanriding op it Drachtsterplein yn Ljouwert is freedtemiddei in maresjesee (28) licht ferwûne rekke. It slachtoffer siet tegearre mei in plysjeman achteryn in bus fan de Keninklike Maresjesee. Dy wie ûnderweis foar in spoedklus mei swaailjocht en de sirene oan. Op it Drachtsterplein seach in automobilist de bus fan de maresjesee net oankommen. In botsing wie it gefolch.

De maresjesee is yn de ambulânse behannele. De ferkearsplysje docht ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)