Fryske amtners nei Senegal

Tweintich Fryske amtners sille foar it goede doel mei de auto nei Senegal ride. Dizze rit fan 8.000 kilometer set op 19 oktober útein en sil trije wike duorje.
It is it doel om mei dizze milenniumrally jild op te heljen foar acht agraryske projekten yn Mauritanië. Dêr sil ûnder oare in jirpelplantaazje oanlein wurde.