Dyk foar Blokhúspoarte grien

10 aug 2013 - 12:41
  • De dyk foar de Blokhúspoarte wurdt grien ferve

Foar de âlde finzenis yn Ljouwert, de Blokhúspoarte, wurdt sneon oer in lingte fan 100 meter de strjitte grien ferve. Ek wurde der wite streken op makke. It doel is om it autoferkear ôf te remjen en sa it oerstekken feiliger te meitsjen. Foarhinne kamen der net folle besikers nei de Blokhúspoarte, mar de gemeente wol fan de âlde finzenis it senuwsintrum meitsje fan Kulturele Haadstêd 2018.

Sadwaande komme der no folle mear minsken. Wethâlder Henk Deinum pakte sneon as earste de fervekwast. It wurk oan de dyk duorret noch it hiele wykein.

De dyk foar de Blokhúspoarte is oant moandeitemoarn ôfsletten foar it ferkear. Der is in omlieding ynsteld.

It grien fervjen kostet 30.000 euro. Neffens wethâlder Henk Deinum kin dat betelle wurde mei sinten dy't oerbleaun binne by de werynrjochting fan de Twibaksmerk. De gemeente is noch folop yn ûnderhanneling mei it Ryk oer de takomst fan de âlde finzenis. De gemeente wol it gebou wol oernimme, mar wol dan wol jild ta hawwe, omdat der miljoenen nedich binne om it gebou op te knappen en better geskikt te meitsjen foar bygelyks bedriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)