Slaanderij op Dodo-festival

Geweld © Omrop Fryslân
By it Dodo-festival yn Bakkefean is freedtenacht in Drachtster (25) oanhâlden foar mishanneling. De fertochte soe twa besikers fan it festival út Stompetoren en Creil slein ha. Beide slachtoffers rekken ferwûne oan it gesicht.
De Drachtster ferklearre dat hy oanfallen wie troch in groep en dat hy him ferdigenje moast. De plysje docht ûndersyk nei de krekte tadracht fan it foarfal.