Man oppakt foar ynsmiten rút

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In Ljouwerter (54) is sneontemiddei oanholden, omdat hy by in wenning oan de Balistrjitte in rút ynsmiten hawwe soe. De man wie al earder troch plysjeminsken fuortstjoerd by de wenning. Hy soe letter weromkommen wêze en in betontegel troch in rút smiten hawwe.
Efkes letter waard de Ljouwerter by in snackbar yn de buert oanholden. De man ûntkent dat hy it rút fernield hat.