Diken yn Opsterlân wer frijjûn

09 aug 2013 - 19:16

Yn gemeente Opsterlân binne alle diken wer frijjûn foar it ferkear. In oantal diken hat de hiele wike ôfsletten west, omdat de gemeente beammen en tûken opromje moast. By it needwaar ôfrûne moandei yn it súdeasten fan Fryslân rekken 750 beammen flink skansearre. De ferwachting is dat de helte fan dit oantal beammen op termyn romme wurde moat.

Allinnich de wurksumheden fan ôfrûne wike hawwe de gemeente Opsterlân al goed 35 tûzen euro koste. It duorret nei alle gedachten noch moannen foar't alles wer hersteld is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)