Ynteresse oername Van der Meij

09 aug 2013 - 17:47

In groep belangstellenden is fan doel it fallite autobedriuw Van der Meij yn Ferwert oer te nimmen. It giet om ynvestearder Eric Kooistra út Dokkum en twa liedingjaande personielsleden fan it autobedriuw. Ek Van der Meij junior wol diel út meitsje fan de nije eigeners. Se ûnderhannelje no mei de kurator oer de oername.

Yn de plannen fan de groep giet it autobedriuw fierder ûnder deselde namme en hâlde njoggen fan de tolve wurknimmers harren baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)