Ule Lauwersmargebiet falt oan

09 aug 2013 - 16:16
  • Oehoe

Boskwachter Jaap Kloosterhuis warskôget besikers fan it Lauwersmargebiet om de oehoe dy't dêr wennet te mijen. Twa besikers binne de ôfrûne dagen oanfallen troch de reuze-ûle. It giet om in jong mantsje, dat nei alle gedachten yn it natoergebiet útset is troch minsken dy't it bist as húsdier hiene. De boskwachter hat tongersdei besocht de ûle te fangen, mar sûnder súkses.

Ynkoarten sil er it nochris besykje. Yn jannewaris soarge in ûle ek al foar ûnrêst yn it natoergebiet. Doe gie it lykwols om in wyfke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)