Diken nei stoarm wer iepen

Omfallen beammen soargje foar oerlêst © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De Yntzeleane yn Mildaam en de Breedsingel yn Ketlik binne wer iepen. De diken wiene ôfsletten fanwege it needwaar fan moandei. Der leine ferskate beammen oer de diken en der hongen tûken los. De ravaazje is yntusken troch de gemeente Hearrenfean opromme. De Biskopleane en Aaltjeleane yn Ketlik en het Boskpaad yn Bontebok bliuwe foarearst noch ticht. It is noch net dúdlik wannear't dizze diken wer iepen geane.
Ek yn de gemeente Opsterlân binne noch net alle diken wer iepen. De skea op de grûn is oprêden, mar der wurdt op guon plakken noch sjoen nei loshingjende tûken.