Bestjoerder ûngelok naait út

09 aug 2013 - 15:02

In bestjoerder fan in bestelauto dy't freedtemoarn tsjin in beam botste op Boppefjild yn Olterterp is nei it ûngelok útnaaid. De auto bedarre op 'e kop yn 'e sleat. Helptsjinsten troffen gjin bestjoerder oan yn of by de auto. Wol waard in pûde mei himp fûn. De bestelauto en de drugs binne troch de plysje yn beslach naam. Der wurdt fierder ûndersyk dien nei de eigener en de himp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)