Maywood: 'wy ha mekoar mist'

09 aug 2013 - 13:57

Under grutte belangstelling fan de parse is tongersdei yn it Amstel Hotel yn Amsterdam de comebak fan Maywood taljochte. Alice May en Caren Wood, oftewol de suskes Alie en Doetie de Vries fan Twellingea, sille foar it earst wer optrede yn oktober by twa konserten fan sjonger Gerard Joling.

De beide sjongeressen, dy't net mear yn Fryslân wenje, ha mekoar mist. Sa fertelden se. Se hiene mekoar al jierren net sprutsen, al wenje se mar 10 minuten riden útelkoar. It inisjatyf fan de reüny is naam troch Gerard Joling.

Nei 18 jier sjonge Alice en Caren wer tegearre by de beide Lekker-konserten fan Joling yn it Ziggo Dome yn Amsterdam. Al giene der wol hiel wat emosjonele petearen oan foarôf. De susters De Vries ha noch net mei elkoar repetearre, mar dêr sitte sawol sy as Gerard Joling net oer yn.

Maywood skoarde yn 'e jierren '80 grutte hits mei ûnder oaren 'Late at night' en 'Rio'. Yn 1990 kaam it duo foar Nederlân út op it Eurovisie Songfestival yn Zagreb mei it nûmer 'Ik wil alles met je delen'. Se waarden 15e. It grutte sukses fan de jierren '80 waard net mear helle. Yn 1995 gie Maywood útmekoar. Dêrnei krigen de suskes spul oer wa't de namme Maywood brûke mocht.

Trefwurden: 
Gerard Joling Maywood
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)