Snitser (72) omkommen by Harns

De ravaazje by it ûngelok by Harns © Kappers Media | Anton Kappers
De automobilist dy't tongersdei om it libben kaam by in ûngelok by Harns is in 72-jierrige ynwenner fan Snits. De man ried tegearre mei syn frou oer de Westerseedyk, doe't er net goed waard. Syn auto bedarre op 'e ferkearde kant fan 'e dyk en botste dêr tsjin de auto fan in 56-jierrige Harnzer. Troch de klap fleach de auto fan de Snitsers oer de kop. De Harnzer en syn byrider rekken licht ferwûne. Se koene troch ambulânsepersoniel holpen wurde. De frou fan de Snitser rekke ek ferwûne, sy is nei it sikehûs brocht.