Frontale botsing yn Appelskea

Ien fan de beide auto's dy't belutsen wie by it ûngelok 112inhetnieuws.nl | R.Koene © Compact Media
Op de Feart Súdside yn Appelskea binne tongersdeitejûn in auto en in bestelbus frontaal mei-inoar yn botsing kaam. De brânwacht moast deroan te pas komme om in persoan út de auto te heljen. Foar safier bekend is ien persoan ferwûne.
De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend, likemin as de fierdere ferwûnings fan de belutsene.