Lichem fermist famke fûn

08 aug 2013 - 20:18

De plysje hat by de sykaksjes yn Grou tongersdeitejûn it lichem fan de 17-jierrige Florine Timmer út Utrecht fûn. Har famylje hat har identifisearre.

It lichem waard mei help fan sonarapparatuer fûn yn De Hellingshaven. De Forensyske Opspoaringstsjinst docht ûndersyk yn de haven nei spoaren dy't fertelle kinne hoe't de jonge frou yn it wetter rekke is. Seksje op it lichem moat útwize oft der sprake is fan in misdriuw.

Trefwurden: 
Grou sykaksje Florine Timmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)