Deadlik ûngelok by Harns

08 aug 2013 - 19:15

By in frontale botsing tusken twa auto's op de Westerseedyk by Harns is tongersdeitejûn ien persoan om it libben kaam. By de botsing sloech ien fan beide auto's oer de kop. De bestjoerder rekke swier ferwûne en is letter op de jûn ferstoarn. Twa persoanen wiene lichtferwûne en koene op it plak fan it ûngelok holpen wurde. In fjirde slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)