Smid ferlingt foarsitterskip

Lofts Ype Smid by de presintaasje fan trainer Dwight Lodeweges (argyffoto) © AWfoto.nl
Ype Smid is ek de kommende fjouwer jier foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Sportklup Cambuur. Smid is yn de gearkomste begjin july herkeazen. Kollega Klaas Buwalda koe net op 'e nij herkeazen wurde. Der is noch gjin nij lid oanwiisd dy't syn plak ynnimme sil. Oant der in geskikte kandidaat fûn is, nimt Smid syn portefúlje stadionsaken oer.