Foarstel nij bestjoer H'fean

© awfoto.nl
SC Hearrenfean sil oan 'e gong mei in nij stiftingsbestjoer. De advyskommisje Koopmans-Vaessen presintearret nei ferwachting ein augustus it foarstel foar de ynfolling fan it nije bestjoer. It demisjonêr bestjoer hie de kommisje frege mei in list mei kandidaten te kommen.
Nei de presintaasje sil de kommisje yn 'e mande mei it nije bestjoer begjinne mei de gearstalling fan de nije klupstruktuer. Doel is de nije opset ein oktober klear te hawwen.