Restauraasje heakape Warten

Yn Warten is begûn mei de restauraasje fan 'e ieuwenâlde heakape. De kape is ûnderdiel fan museum Warten en stiet neist in âld greidbuorkerij. De peallen dêr't de kape op stiet, binne ferrotte. Dêrtroch koe de kape net mear brûkte wurde troch bygelyks it koar.
Meiwurkers fan it museum hoopje dat de kape foar de hjerst klear is. Dan kin er brûkt wurde foar it festival Wartenster Wetterwille.