Brúnfisk oanspield op Skier

23 jan 2012 - 07:32

Der is sneintemoarn op it strân fan Skiermûntseach in libbene brúnfisk fûn. Hy spielde oan troch it hege wetter yn kombinaasje mei de hurde wyn.

It bist is mei de fearboat nei Lauwerseach brocht. Hy is earst opfongen troch de seehûnekresj yn Pieterburen. Dêrnei is er nei de Stichting SOS Dolfijn yn Hurderwyk brocht. Dêr hat er de namme Hedzer krigen.

It bist hat ferwûnings by it each en de blaas. Hedzer is de earste libbene brúnfisk dy't dit jier troch it opfangsintrum fersoarge wurdt. Yn de earste trije wiken fan dit jier binne der al in soad meldingen binnenkaam fan deade brúnfisken dy't oanspield binne.

Brúnfisken binne de lytste soart walfisk dy't der bestiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)