Cambuur noch sûnder Ritzmaier

Cambuur sil freed foar de útwedstriid tsjin Roda JC de nije oanwinst Marcel Ritzmaier noch net yn de basis begjinne litte. De Eastenriker hat noch mar ien kear meitraind en moat noch wat wenne, sei trainer Dwight Lodeweges. De Cambuurtrainer woe noch gjin opstelling bekend meitsje, mar ôfgeand op de lêste training liket it derop dat Mohammed El Makrini yn de basis begjint. Dat giet dan ta skea fan Paco van Moorsel.
Oebele Schokker liket ek net wis fan in basisplak. Nei alle gedachten sille Feldballe en Lukoki wol yn de basis starte.