Drokte foar wespebestriders

08 aug 2013 - 12:48

De bestriders fan ealjebijen, oftewol wespen, begjnne it wer drok te krijen. De fjouwer Omrinmeiwurkers dy't harren dêrmei dwaande hâlde, hawwe no elk sawat tolve ôfspraken deis, mar dat kinne wol 25 de man wurde. Takom wike komme bygelyks in soad minsken thús fan fakânsje en se fernimme dan dat sy in wespenêst hawwe.

Oer in lyts moanne kin it noch drokker wurde. De wespen moatte dan bûten it nêst op syk nei swietichheid. Se gean dan op syk nei oare boarnen. It iennige wat se noch tsjinhâlde kin, is rein. Mei rein fleane wespen net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)