Eastenriker nei Cambuur

08 aug 2013 - 11:14

Cambuur hat oerienstimming berikt mei PSV oer de hier fan Marcel Ritzmaier. De 20-jierrige Eastenriker komt foar ien seizoen nei de Ljouwerter klup.

Ritzmaier kaam alve kear út foar PSV. Hy wie boppedat aktyf foar ferskate jeugdseleksjes yn syn heitelân. Ritzmaier slút him tongersdei al oan by de seleksje fan Cambuur.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)