Drinkeling út wetter rêden
Omstanners hawwe woansdeitejûn in drinkeling út it Prinses Margrietkanaal by Grou rêden. De man wie fan in boat yn it wetter fallen. De drinkeling waard oan lân brocht en knapte dêr gau wer op.
Meiwurkers fan de ambulânse hawwe de man ûndersocht. Hy kaam mei de skrik frij.