'Wolf wie ek yn Fryslân'

De kâns is grut dat de deade wolf dy't op 4 july fûn waard by Luttelgeest, ek yn Fryslân west hat. De wolf is nei alle gedachten fanút Tsjechië, Poalen of Slowakije nei Nederlân rûn. Om't der wolvekeutels fûn binne yn it Kúnderbosk, flakby de grins mei Fryslân, is de kâns grut dat it bist ek yn Fryslân west hat.
It wittenskiplik ûndersyk toant oan dat de wolf net út Dútslân komt. It DNA fan it bist komt foar 96,5% oerien mei it DNA fan wolven út de Karpaten. Dat betsjut dat er sa'n tûzen kilometer rûn hat om de Noardeastpolder te berikken.
Yn de Noardeastpolder binne ûnder oare yn it Kúnderbosk seis farske wolvekeutels fûn, in dúdlike oanwizing dat 'in wolfeftige' hjir al in skoft omswalke hat. Yn dy tiid hat de wolf net foar oerlêst of skea soarge troch bygelyks in skiep te deadzjen.
Yn de wolvestront fûnen de ûndersikers ûnder oare hertehier en de stikjes fan in bonke fan in foks. Wat boskwachter André Donker oanbelanget binne nije wolven fan herte wolkom. Yn de natuer fan Noard-Nederlân is foldwaande fretten te finen foar ien of in pear wolven, sa tinkt Donker. De wolf dy't hjir wie hat geurspoaren neilitten. Dêrtroch is de kâns dat op nij wolven dizze kant opkomme wer grutter.