Wettersteuring Aldskoat foarby

07 aug 2013 - 12:18

De wetterproblemen yn Aldskoat binne foarby. Dat hat wetterbedriuw Vitens witte litten. Sûnt woansdeitemoarn 06.15 oere kaam der yn de omkriten fan de Archimedeswei gjin wetter út de kraan. Oarsaak wie in breuk yn in lieding. Dy is yn 'e rin fan de moarn makke troch monteurs.

Yn de omkriten fan Skearenegoutum binne sûnt tiisdeitejûn problemen mei it wetter. De wurdfierder fan Vitens wit noch hieltyd net wat dêr oan 'e hân is en hoe lang dat duorret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)