Bromfytser bekeurd yn Ljouwert

07 aug 2013 - 11:50

De plysje hat tiisdeitejûn in 34-jierrige Drachtster oanholden op de Pieter Stuyvesantweg yn Ljouwert. By de kontrôle die bliken dat syn bromfyts opfierd wie. Boppedat wie de bromfyts net fersekere en wie it rydbewiis fan de man earder al ynfoardere. De man hie gjin kinbân yn syn helm en koe him net legitimearje. Doe't er ûnderfrege waard, joech er in falske namme op.

Foar de helm en it ûnfersekere riden krige de Drachtster in boete. Foar it riden mei in ynfoardere rydbewiis is proses-ferbaal opmakke. De bromfyts wurdt ferneatige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)