Dronken sloepskipper yn Snits

Plysje-embleem © ANP
Op de Houkesleat yn Snits is yn de nacht fan tiisdei op woansdei in 25-jierrige man betrape op it dronken bestjoeren fan in sloep. In meiwurker fan in befeiligingsbedriuw seach trije manlju yn de sloep stappen. Omdat er it fermoeden hie dat se dronken wiene, skeakele er de wettersplysje yn.
De wetterplysje hold de skipper oan. Dy man krige op it plysjeburo in farferbod en in proses-ferbaal.