Ljouwerter fêst nei ynbraak

07 aug 2013 - 11:42

In man fan 47 út Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oanhâlden fanwege in ynbraak yn in klupgebou yn Snakkerbuorren. De man wie ûnder ynfloed fan drank en gedroech him ferfelend tsjin de plysjes. Hy goaide ûnder oare in flesse nei in agente.

Mei help fan in skyld en in plysjehûn koe de man ynrekkene wurde. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)