Fytser oanriden yn Wolvegea

In 70-jierrige man út Sonnegea is tiisdeimiddei ferwûne rekke op de Steenwijkerweg yn Wolvegea. De man stuts de dyk oer by in fytsoerstekplak mar seach dêrby in auto oer de holle. De 24-jierrige bestjoerder út Oldemarkt koe de man net mear ûntwike.
It slachtoffer sloech tsjin it foarrút en rûn dêrby in brutsen skonk, in harsenskodding en ferwûnings oan 'e holle op. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.