Dronken man rydt tún yn

De auto moast blust wurde neidat er yn de konifearen belâne © R. Koene
In man fan 72 út Easterwâlde is tiisdeimiddei op it Oost yn syn wenplak in tún ynriden. Ferkear moast foar de man útwike, om't er slingerjend oer de dyk ried. Yn de tún ûntstie brân omdat de auto op konifearen belâne. De brânwacht moast der oan te pas komme om de brân te blussen.
Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat de man te folle dronken hie. Hy is meinaam nei it plysjeburo.