Maywood dochs wer bymekoar

07 aug 2013 - 11:03

Sjongduo Maywood komt nei 18 jier wer bymekoar. Alice May en Caren Wood, oftewol de suskes Alie en Doetie de Vries fan Twellingea, sille yn oktober optrede by twa konserten fan sjonger Gerard Joling. Earder wie al ferskillende kearen sprake fan in reüny, mar dy giene alle kearen úteinlik net troch.

Tongersdei is der in parsekonferinsje mei Maywood en Gerard Joling yn Amsterdam. De Lekker-konserten fan Joling binne op 11 en 12 oktober yn de Ziggo Dome yn Amsterdam.

Maywood skoarde yn 'e jierren '80 grutte hits mei ûnder oare 'Late at night' en 'Rio'. Yn 1990 kaam it duo foar Nederlân út op it Eurovisie Songfestival yn Zagreb mei it nûmer 'Ik wil alles met je delen'. Se waarden 15e. Yn 1995 gie Maywood útmekoar. Dêrnei krigen de suskes spul oer wa't de namme Maywood brûke mocht. Alice May kundige yn 2010 oan fierder te gean mei in oare sjongeres. Dat duorre lykwols net lang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)