Sulver Leenstra mei nij pr

22 jan 2012 - 22:24

Marrit Leenstra hat har op de twadde 1000 meter by de wrâldbeker yn Salt Lake City wer ferbettere. De ynwenster fan Wikel ried har persoanlik rekôr fan sneon (1.14.88) út de boeken. Har nije toptiid is no 1.14.41. Dat wie goed foar it sulver. De winst gong ferrassend nei Laurine van Riessen yn 1.14.21, ek in pr. Annette Gerritsen waard fjirde, Ireen Wüst fiifde en Margot Boer achtste.

De Kanadese Christine Nesbitt, de winneres fan alle 1000 meters fan dit seizoen, die snein net mei.

By de manlju wie Shani Davis, krekt as sneon, de rapste. De Amerikaan ried 1.07.69. Stefan Groothuis waard twadde yn 1.07.94. Sjoerd de Vries, in dei earder fjirde mei in nij persoanlik rekôr yn 1.07.74, waard no sechsde yn 1.08.29.

Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)